Springe nei ynhâld

Wikipedy-stêd

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 jul 2021 om 16.54 troch Drewes (oerlis | bydragen) (kat oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Monmouth yn Wales neamt him de earste Wikipedy-stêd. Dizze stêd hat mear as tûzen buorden by wichtige plakken delhongen mei in QR-koade derop. Wa’t de koade skent kriget de Wikipedyside fan dat plak te sjen.

It projekt hat de namme Monmouthpedia krige. Der binne teksten oerset en byskreaun foar de Wikipedy. Bedriuwen en ynwenners hawwe harren ynspand om dat foarinoar te krijen. Mei de oanlis fan in wifi-netwurk kinne alle ynwenners en besikers fergees ynternette.