Springe nei ynhâld

Strykmûne C (De Zes Wielen)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 aug 2024 om 12.16 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Side makke mei "{{Ynfoboks mûne | namme = Strykmûne C | ôfbylding = Strijkmolen C molen - Oudorp, Alkmaar.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = | lân = | bestjoerlike ienheid 1 = provinsje | namme bestjoerlike ienheid 1= 20px Noard-Hollân | bestjoerlike ienheid 2 = | namme bestjoerlike ienheid 2= | bestjoerlike ienheid 3 = | na...")
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Strykmûne C
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Alkmar
adres Molenkade 7
koördinaten 52° 38'N 4° 45'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje strykmûne
flecht 24,60 m
boujier 1627
oare ynformaasje
eigner Mûnestifting Alkmar
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7469
Webside
molenstichtingalkmaar.nl
Kaart
Strykmûne C (Alkmar)
Strykmûne C

Strykmûne C yn Alkmaar is ien fan 'e 14 strykmûnen, dy't eartiids boud waarden om it wetter fan ferskate polders ôf te meallen nei de Skermerboezem. In strykmûne is in wettermûne mei in tige lytse opfierhichte, dy't it wetter fan 'e iene nei de oare boezem "strykt" respektyflik meallet. Om de strykmûnen fan inoar te ûnderskieden, waarden de mûnen oantsjut mei in letter. De strykmûnen by Alkmar wurde ek wol de 'Zes Wielen' neamd, nei de seis grutte tsjillen, wêrmei't de oerhalen betsjinne waarden.

By it drûchlizzen fan 'e Heerhugowaard koene de bedikers net foldwaande wetter útmealle op 'e Raaksmaatsboezem. Dêrom moasten de strykmûnen boud wurde op 'e skieding fan 'e Raaksmaats- en Skermerboezem om it oerstallige wetter fan 'e Raakmaatsboezem yn 'e 40 sm heger steande Skermer te meallen.

Seis strykmûnen stiene oan 'e Molenkade yn Oudorp (hjoed-de-dei in wyk fan Alkmar), fjouwer efter Oudorp en fjouwer by Rustenburg. Fan dy fjirtjin strykmûnen binne der acht oerbleaun. Yn 1941 ferlearen de strykmûnen harren funksje mei't de Raaksmaatsboezem mei de Skermerboezem ferbûn waard. Strykmûne A waard demontearre om de mûne yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum by Arnhim wer op te bouwen. By oarlochsomstannichheden gyng de demontearre mûne dêr lykwols ferlern. Mûne F stie oan 'e ein fan 'e rige en baarnde al yn 1688 ôf. Dy mûne waard doe net op 'e nij boud. Sadwaande binne fan 'e seis mûne op 'e lokaasje no noch allinne de strykmûnen B, C, D en E oerbleaun.

De strykmûnen fan 'e Raaksmaatboezem waarden tusken 1627 en 1630 boud en Strykmûne C stamt fan 1627. Eigner fan 'e mûne is de Mûnestifting Alkmar e.o..

Beskriuwing

Strykmûne C is in muonts mei in flecht fan 24,60 m. Yn 1999 rûn de mûne foarse brânskea op troch boartsjende bern. Doe't in restauraasje fan 'e mûne hast foltôge wie en de mûne ek wer mealree makke hie, folge op 25 desimber 2004 yn 'e iere moarn op 'e nij brânstifting. De skea wie no tige grut en allinne it achtkant bleau bewarre, wylst de bewenster en mûnder fan 'e mûne har it libben der mar krekt ôfrêde koe.

De mûne wie goed fersekere en al gau waard útein set mei in werbou. Op in grut part fan it achtkant en de skroef, it standerrêd en it skroefrêd nei moast it grutste part rekonstruearre wurde. Op 6 april 2008 koe de mûne foar it earst sûnt de earste brân wer draaie. De mûne is mealree yn sirkwy.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: