Springe nei ynhâld

Ingelân

Ut Wikipedy
Ingelân
England
flagge wapen
Frânsk: Dieu et mon droit
("God en myn rjocht")
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk
pol. status dielútmeitsjend lân
   (sûnder selsbestjoer)
haadstêd Londen
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 54.786.300 (2015)
befolkingstichtens 420,5 / km²
oerflak 130.279 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
muntienheid Britsk pûn (£) (GBP)
tiidsône UTC (s.t. UTC+1)
tillefoan +44
ynternetekstinsje .uk
webside www.gov.uk
Dizze side giet oer it hjoeddeistige lân Ingelân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Ingelân (betsjuttingsside).

Ingelân (Ingelsk: England, útspr.: ['ɪŋɡlǝnd], likernôch: "ing-glund") is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, dat it súdeastlike diel fan it eilân Grut-Brittanje beslacht. Dat gebiet waard oarspronklik bewenne troch Keltyske stammen, mar kaam nei it Grutte Folkeferfarren yn 'e hannen fan Germaanske stammen, ôfkomstich fan it Jeropeeske fêstelân, dy't meitiid ferraanden ta ien folk, de Angelsaksen. Nei in proses fan ienwurding tusken de ûnderskate Angelsaksyske keninkrykjes kaam yn 927 it feriene Keninkryk Ingelân ta stân, dat oant 1707 fuortbestie, doe't it mei it Keninkryk Skotlân opgie yn it nije Keninkryk Grut-Brittanje.

Yn it koloniale tiidrek waarden de Ingelske kultuer, de Ingelske taal en Ingelske ynstituten lykas de Tsjerke fan Ingelân oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat. De hjoeddeistige kultuer fan lannen as de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en yn mindere mjitte Súd-Afrika giet foar in grut part werom op Ingelân. Noch folle ynfloedriker wie it Ingelske bestjoerssysteem fan parlemintêre demokrasy, dat him yn 'e Midsiuwen ûntjoech, en dat troch it kolonialisme ek ferspraat is nei it Karibysk Gebiet, Afrika, Yndia en Oseaanje. Ek op it mêd fan 'e wittenskip hat Ingelân op ûnmisbere wize oan 'e skiednis bydroegen, mei't de Yndustriële Revolúsje yn 'e achttjinde iuw yn Ingelân begûn. Hjoed de dei hat Ingelân gjin eigen regear mear en is it inkeld noch in 'lân' yn 'e kulturele sin. Allinnich by beskate sporten, lykas fuotbal en rugby, komt Ingelân noch los fan 'e rest fan it Feriene Keninkryk út.

Ingelân tanket syn namme oan 'e Angelen, ien fan 'e Germaanske folken dêr't de Angelsaksen út fuortkamen. De Angelsaksen neamden harsels Engle of Angelcynn, en harren lân neamden se Engla land, wat safolle betsjutte as "it lân fan 'e Angelsaksen". Geandewei de Midsiuwen waard Engla land fia Engle land en Engeland ferbastere ta England. Tsjin 'e fjirtjinde iuw wie dat de namme fan it lân wurden. Yn 'e Frânske beneaming Angleterre, letterlik: "grûn(gebiet) fan 'e Angelen", komt de oarsprong fan de namme "Ingelân" noch dúdlik nei foarren. Hoe en wêrom oft de Angelen en net de Saksen harren namme oan Ingelân joegen, krekt as oft it iene folk wichtiger wie as it oare (wat net sa wie), is ûnbekend. Yn dit ferbân is it nijsgjirrich dat yn guon Keltyske talen Ingelân net nei de Angelen, mar nei de Saksen ferneamd is: yn it Welsk sprekt men fan Saesneg, en yn it Skotsk-Gaelysk fan Sasunn.

De Toer fan Londen.

Yn it bûtenlân wurdt de namme Ingelân yn 'e folksmûle ek wol by wize fan pars pro toto brûkt as oantsjutting foar it hiele Feriene Keninkryk. (Dat is in flater fan itselde soarte as wannear't men "Hollân" seit as men "Nederlân" bedoelt.) Yn it Feriene Keninkryk sil soks nea dien wurde, om't men dêr wol better wit. Boppedat wurdt soks yn Skotlân en Wales opfetten as in mislediging.

In alternative, poëtyske beneaming foar Ingelân is Albion, dat ôflaat is fan it Latynske wurd albus ("wyt"), fanwegen de kleur fan 'e krytrotsen fan Dover. Dy namme waard brûkt troch Romeinske skiedskriuwers as Tasitus. Yn 'e iere tweintichste iuw wie op it Jeropeeske fêstelân de oantsjutting 'it perfide Albion' in steande útdrukking, mei't Ingelân (eins it Feriene Keninkryk), dat him fanwegen syn isolearre posysje op 'e Britske Eilannen folslein los fan 'e rest fan Jeropa seach, net te fertrouwen wêze soe.

Utsjoch oer de Marrekrite fan Kumbria.

Ingelân hat in oerflak fan 130.279 km² (oerflaktewetter net meiteld) en beslacht it súdeastlike twatrêdepart fan Grut-Brittanje. Dat is it grutste eilân fan 'e Britske Eilannen, dy't in arsjipel yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan foarmje, deunby de noardwestlike kust fan it wrâlddiel Jeropa. Ingelân hat mar twa lângrinzen, beide mei oare lânsdielen fan it Feriene Keninkryk: yn it noarden mei Skotlân en yn it westen mei Wales. Fierders wurdt it alhiel omjûn troch seeën. Yn it easten en noardeasten leit de Noardsee, yn it noardwesten de Ierske See, yn it súdwesten it Kanaal fan Bristol en de Keltyske See en yn it suden It Kanaal (yn Ingelân it 'Ingelske Kanaal' neamd). Yn it súdeasten, ta einbeslút, foarmet it 34 km brede Nau fan Kalês (yn Ingelân de 'Strjitte fan Dover' neamd) de smelle skieding mei it Jeropeeske fêstelân. Sûnt 1994 wurdt Ingelân mei Frankryk, oare kant it wetter, ferbûn troch de Kanaaltunnel. Behalven it súdeastlike diel fan it eilân Grut-Brittanje omfiemet Ingelân ek mear as hûndert lytsere eilantsjes, wêrfan't Wight en de Scilly-eilannen it bekendst binne.

De wichtichste rivieren fan Ingelân binne de Teems, de Mersey, de Tyne en de Severn. Oan 'e mûnings fan dy streamen lizze de grutte stêden Londen, Liverpool, Newcastle-upon-Tyne, resp. Bristol. De langste rivier, mei in lingte fan 350 km, is de Severn, dy't ûntspringt yn Wales en útmûnet yn it Kanaal fan Bristol. De langste rivier dy't oer de folle lingte troch Ingelân streamt, is lykwols de Teems, mei in lingte fan 346 km. De grutste mar fan Ingelân is de Windermere, dy't yn 'e skildereftige Marrekrite fan Kumbria leit, yn it uterste noardwesten fan it lân.

Ingelân (read) yn it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (rôze).

It heechste punt fan Ingelân is Scafell Pike, mei in hichte fan 978 m, dy't ek yn Kumbria leit. De berch makket diel út fan it gruttere Penninysk Berchtme, dat rûchwei yn noard-súdrjochting as in soarte fan wringe troch de midden fan Ingelân rint. Behalven bergen en dellingen omfiemet dat berchtme ek heech leine heide en wurdt it trochsnien troch rivierkes en beekjes. Teffens lizze der trije nasjonale parken: de Dellingen fan Yorkshire, Noardumberlân en it Berchpjutsedistrikt. De oare berchtmen yn Ingelân binne folle leger en kinne better omskreaun wurde as heuvelrigen. Dêrûnder binne de Cheviot-heuvels oan 'e grins mei Skotlân, de Cleveland-heuvels oan 'e eastkust, en yn it leechlân besuden it Penninysk Berchtme de Cotswold-heuvels, de Chiltern-heuvels, de Whitehorse-heuvels, de Mendip-heuvels en de Noarderdunen en Suderdunen. Dy lêste beide heuvelrigen, yn it súdeasten fan Ingelân, wurde faninoar skaat troch in gebiet dat oarspronklik oerdutsen waard troch útstrutsen wâlden, en dat dêrom troch de Angelsaksen The Weald neamd waard.

Oan 'e súdkust riizje de stadichoan ôfbroazeljende kalkstiennene krytrotsen fan Dover heech boppe de see út. It Ingelske Westlân omfiemet fierders heech leine heidegebieten lykas Dartmoor en Exmoor. Yn it easten fan Ingelân is de regio East-Anglia krekt in tige leechlein gebiet, wêrfan't dielen by stoarmfloed of oanhâldende rein splis komme te stean, benammen The Fens, yn omkriten fan King's Lynn, dêr't ferskate rivieren útmûnje yn 'e baai dy't The Wash hjit.

It heidegebiet Dartmoor, yn Devon.

It ierste bewiis fan minsklike bewenning yn Ingelân datearret fan 780.000 jier tebek, doe't de iere minskeftige Homo antecessor der libbe. De moderne minske fêstige him yn it iere Paleolitikum yn Ingelân, hoewol't it gebiet troch de lêste iistiid wer folslein ûntfolke rekke. Doe't de gletsjers har likernôch 11.000 jier lyn werom begûnen te lûken, waard Ingelân werbefolke troch lju út Jeropa, dy't der gewoan rinnendewei komme koene mei't Grut-Brittanje doe troch in lânbrêge mei it kontinint ferbûn wie om't der sa'n soad seewetter yn it iis fêstholden waard dat de seespegel folle leger wie as no. Genetysk ûndersyk wiist derop dat dizze iere bewenners fan Ingelân ôfkomstich wiene fan it Ibearysk Skiereilân (en net út Frankryk, sa't men earder ferwachtsje soe). Doe't troch it ranen fan it lâniis de seespegel wer begûn te stiigjen, waard Grut-Brittanje omtrint 10.000 jier lyn skaat fan it eilân Ierlân, en likernôch 8.000 jier lyn fan Jeraazje.

De earste permaninte delsettings yn Ingelân datearje fan likernôch 6.000 jier lyn. Troch de saneamde Klokbekerkultuer, dy't om 2500 f.Kr. ûntstie of arrivearre, waarden ierdewurkene drinkbekers en oar taffelsreau makke. Omtrint dyselde tiid waarden grutte neolityske monuminten oanlein, lykas Stonehenge en Avebury. De technologyske ûntwikkeling fia de Brûnstiid nei de Izertiid gie yn Ingelân relatyf fluch, mei't koper en tin (dêr't ferlet fan wie om brûns te meitsjen) en izer dêr rûnom fûn wurde koe. It wie yn 'e Izertiid dat de Kelten fan 'e Halstatt- en La Tène-kultueren út Midden-Jeropa har yn Ingelân nei wenjen setten. Dy yntrodusearren de Brytoanyske taal en in tribale maatskippij. Neffens de Geographia fan Ptoleméus waard Ingelân om 'e midden fan 'e twadde iuw hinne bewenne troch sa'n tweintich ûnderskate stammen.

It prehistoaryske monumint Stonehenge, yn Wiltshire.

Krekt as oare regio's oan 'e râne fan it Romeinske Ryk ûnderhold Ingelân al lang hannelsbetrekkings mei de Romeinen. De Ingelske rykdom oan grûnstoffen brocht Julius Caesar derta om yn 55 f.Kr. twaris om 'e nocht te besykjen en feroverje it lân, dat de Romeinen Brittanje neamden. Yn 43 (n.Kr.) fierde de Romeinske keizer Klaudius in nije ynvaazje út, en oars as Caesar brocht er it meastepart fan Grut-Brittanje ûnder Romeinsk bestjoer. Allinnich Skotlân (of Kaledoanje, sa't de Romeinen seine) bleau bûten it Romeinske Ryk. Oan 'e noardgrins fan it troch de Romeinen behearske diel fan it eilân waarden letter de Muorre fan Hadrianus en de Muorre fan Antoninus boud om ynfallen troch de Kaledoanyske stammen tsjin te gean.

Ingelân waard nei de ferovering yn it Romeinske Ryk opnommen as de provinsje Brittanje, nettsjinsteande fûleindige wjerstân troch guon Keltyske stammen, wêrfan't de Katûvellauny, oanfierd troch Karatakus, it bekendst waarden. Tusken 59 en 61 wisten de Kelten by in opstân ûnder lieding fan Bûdika, de keninginne fan 'e Iseny, in grut part fan Ingelân op 'e Romeinen te weroverjen, oant se ferslein waarden yn 'e Slach by Watling Street. Neitiid waard de Gryksk-Romeinske kultuer de lânseigen Keltyske kultuer yn Ingelân oermânsk troch de yntroduksje fan 'e Romeinske wet, Romeinske arsjitektuer, akwadukten, rioelen, agraryske fernijings en side. Yn 'e trêde iuw kaam keizer Septimius Sevearus te Eborakum (it hjoeddeistige York) te ferstjerren, wêrnei't syn opfolger Konstantyn de Grutte dêr ta keizer útroppen waard.

Bûdika, de keninginne fan 'e Iseny, late in opstân tsjin 'e Romeinen.

It is ûndúdlik wannear't it kristendom krekt yn Ingelân yntrodusearre is. Dat moat yn elts gefal yn 'e Romeinske Tiid west hawwe, uterlik yn 'e fjirde iuw, mar wierskynlik al folle earder. Neffens de Angelsaksyske skiedskriuwer Beda stjoerde paus Eleutearius al yn it jier 180 misjonarissen nei Ingelân, mar dy bewearing wurdt as twifelich beskôge. Fierders besteane der tradysjes dy't Glastonbury yn ferbân bringe mei Joazef fan Arimatéa, de man dy't Jezus Kristus nei syn krusiging in grêf joech. Under it ferfal fan it Romeinske Ryk waarden yn 410 de Romeinske legioenen fan it eilân weromlutsen en kaam der in ein oan it Romeinske bewâld yn Brittanje.

De Romeinske weromlûking liet Ingelân sûnder beskerming efter, mei as gefolch dat har yn 'e rin fan 'e fyfde iuw, ûnder it Grutte Folkeferfarren, hiele folksstammen fan it Jeropeeske fêstelân yn Ingelân fêstigen. Dêrby gie it om 'e Saksen, Angelen en yn mindere mjitte ek Jutten en guon Friezen, dat allegear Germaanske folken fan 'e Noardseekust út Noardwest-Jeropa wiene. De Keltyske befolking fan Ingelân fersette him dêr út alle macht tsjin, en de Germaanske opmars waard inkele desennia tsjinkeard troch de Keltyske oerwinning yn 'e Slach by Mount Badon. Yn dy snuorje waard de grûnslach lein foar de lettere Arthurleginden, dy't weromgiene op kening Arthur, dat in Keltyske lieder west hawwe soe dy't Brittanje beskerme tsjin 'e ynfallen fan 'e Angelen en de Saksen. (Yn wurklikheid is it mar tige de fraach oft Arthur wol basearre is op in histoaryske persoan.)

Kening Arthur.

Uteinlik, lykwols, waarden de Kelten ferslein, en wisten se tsjin 'e ein fan 'e sechsde iuw allinnich yn 'e Skotske Heechlannen, de Hebriden, súdwestlik Skotlân, Kumbria, Wales, Cornwall en Devon selsstannige rykjes te behâlden. Lang waard derfan útgien dat de Kelten út 'e ferovere gebieten ferdreaun of útmoarde waarden, mar resint genetysk ûndersyk wiist derop dat wierskynlik inkeld de Keltyske hegerein de wyk nimme moast, wylst it sljochtwei folk him deljoech ûnder it nije bewâld en meitiid de Germaanske kultuer en taal oernaam en assimilearre waard.

Hoewol't it kristendom ferdwûn wêr't de heidenske Germanen it foar it sizzen krigen, waard dy religy dêr fan 597 ôf reyntrodusearre troch in weach misjonarissen ûnder lieding fan Augustinus fan Canterbury. Underwilens kaam der in proses fan etnyske sawol as bestjoerlike konsolidaasje op gong. De ûnderskate Germaanske stammen ferraanden dêrby ta ien folk: de Angelsaksen. En bestjoerlik kloften de tsientallen keninkrykjes yn it Ingelân fan fuort nei de Angelsaksyske ynvaazje gear ta sân gruttere riken, dy't mei-inoar bekend kamen te stean as de Heptargy: East-Anglia, Mersia, Noardumbrje, Kent, Esseks, Susseks en Wesseks.

In replika fan 'e 7e-iuwske seremoniële helm fan Sutton Hoo, út it Keninkryk East-Anglia.

De folgjende iuwen hold dy bestjoerlike konsoldidaasje oan. Yn 'e sânde iuw fûn der in slepende wrakseling om 'e hegemony yn noardlik Ingelân plak tusken Mersia en Noardumbrje, dy't yn 'e achtste iuw plakmakke foar Mersiaanske oerhearskippij. De ynfallen fan de Wytsingen diene yn 'e njoggende iuw it lange tiid beholden lykwicht binnen de Heptargy teneate, mei as gefolch dat Wesseks de oare leden fan 'e Heptargy oermânsk waard. Yn 825 waarden Kent en Susseks troch Wesseks anneksearre, en yn 827 ûnderwurp Egbert fan Wesseks boppedat ek noch Noardumbrje, sadat er, sij it foar koarte tiid, de earste kening wie dy't oer in feriene Ingelân regearre.

Nei in nije, grutskalige ynvaazje troch de Wytsingen waarden de Angelsaksyske keninkriken Noardumbrje, Mersia en East-Anglia oerweldige en ûnder de Deenske wet brocht yn in gebiet dat sadwaande de Danelaw neamd waard. Wesseks bleau doe oer as it iennichste frije Angelsaksyske keninkryk. Yn 886 wist de sterke Westsaksyske kening Alfred de Grutte Londen te weroverjen. Dat wurdt wol beskôge as de stifting fan in feriene Ingelân, mar dat wie it feitliks net. Neitiid waard Noardumbrje ferskate kearen troch de keningen fan Wesseks 'befrijd' en wer beset troch de Noaren, oant it yn 954 foargoed ferovere waard troch kening Edred fan Ingelân. Om dyselde tiid hinne gie Lothian, dat altyd diel útmakke hie fan Noardumbrje, foargoed ferlern oan it Keninkryk Skotlân. Op 12 july 927 kamen alle Angelsaksyske keningen gear te Eamont, yn Kumbria, dêr't se Atelstan erkenden as kening fan 'e Ingelsen. Dat wie it slútstik fan in ferieningsproses dat mear as in iuw duorre hie, en it kin beskôge wurde as de wiere stifting fan it Keninkryk Ingelân.

De Slach by Hastings yn 1066, sa't dy werjûn is op it ferneamde Tapyt fan Bayeux.

De ûnlijige alfde iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it regear fan 'e swakke kening Atelred de Unberette waard Ingelân oan it begjin fan 'e alfde iuw oerspield troch in nije weach fan Deenske ynvaazjes. Nei in fearnsiuw fan oanhâldende oarloch rûn dat yn 1013 út op 'e Deenske ferovering fan Ingelân ûnder lieding fan Swein Gaffelburd, de kening fan Denemark. Doe't dyselde begjin 1014 kaam te ferstjerren, brocht dat Atelred wer op 'e troan, mar de restauraasje fan it Hûs fan Wesseks wie mar fan koarte doer, want yn 1015 fûn der in nije Deenske ynvaazje plak dy't oanfierd waard troch Swein syn soan Knút de Grutte. Atelred syn opfolger Edmund Izerkant sleat yn 1016 mei Knút in oerienkomst wêrby't se Ingelân ferdielden, mar doe't Edmund datselde jiers noch stoar, kaam hiel Ingelân ta Knút syn Noardseeryk te hearren, yn in personele uny mei Denemark en Noarwegen,

Nei 26 jier makke de dea fan kening Hardeknút yn 1042 in ein oan 'e Deenske oerhearsking. Dat wie de soan fan Knút de Grutte en Emma fan Normanje, de widdo fan Atelred de Unberette. Om't Hardeknút gjin bern hie, waard er opfolge troch syn healbroer Edwert de Belider, de soan fan Atelred, wêrmei't Ingelân wer in selsstannich lân waard. Mar doe't Edwert yn jannewaris 1066 ek sûnder bern stoar, ûntstie der in opfolgingskrisis. Syn sweager Harold Godwins waard ta kening kroane, mar syn neef Willem de Oermasterder, de hartoch fan Normanje, easke de Ingelske kroan ek op. Yn 'e simmer fan datselde jier diene de Noaren in nije ynfal yn noardlik Ingelân. Harold Godwins sette mei syn leger ôf nei Yorkshire, dêr't er op 25 septimber in klinkende oerwinning boekte yn 'e Slach by Stamford Bridge.

It stânbyld fan Willem de Oermasterder yn Falaise.

Underwilens lâne Willem de Oermasterder lykwols op 'e Ingelske súdkust, by wat bekend kaam te stean as de Normandyske Ynvaazje. Nei in forsearre mars werom nei it suden waard it útputte Ingelske leger op 14 oktober yn 'e Slach by Hastings ferslein troch de Normandiërs. Harold Godwins en syn beide bruorren sneuvelen dêrby, mei as gefolch dat Willem de Oermasterder de nije kening fan Ingelân waard. Nei de Normandyske Ynvaazje bestie der iuwenlang in twadieling yn 'e Ingelske maatskippij wêrby't de adel út Normandiërs bestie en Anglo-Normandysk spriek, wylst it sljochtwei folk foarme waard troch Angelsaksen en Ingelsktalich wie.

Yn 1092 foel Willem II, de soan fan Willem de Oermasterder, Strathclyde binnen, in Keltysk keninkryk yn wat no súdwestlik Skotlân is. Dêrby anneksearre er it gebiet dat no it greefskip Kumbria foarmet. Dêrfoaroer joech syn opfolger Hindrik I yn 1124 foargoed de Ingelske oanspraken op Lothian op, dat no súdeastlik Skotlân foarmet, yn ruil foar in ûnthjit fan trou fan 'e kening fan Skotlân. Dy regeling waard neitiid formalisearre yn it Ferdrach fan York fan 1237.

Doe't yn 1154 mei Hindrik II it Hûs Plantagenêt op 'e Ingelske troan kaam, waard Ingelân by it Anzjevynske Ryk foege dat opboud wie út dielen fan it Keninkryk Frankryk dy't de Plantagenêts yn 'e hannen krigen hiene. Sa ûntstie der doe in personele uny mei it Hartochdom Akwitaanje, yn súdwestlik Frankryk, om't Hindrik troud wie mei Eleönoara, hartoginne fan Akwitaanje. Boppedat waard yn 1155 troch paus Hadrianus IV de Hearlikheid Ierlân oan Hindrik taparte, hoewol't de Ingelske ynfloed yn Ierlân iuwenlang tige beheind bleau. De Plantagenêts regearren trije iuwen lang oer Ingelân. Ien fan 'e bekendste keningen út dy tiid wie Richard Liuwehert, dy't syn hiele skatkiste lykwols weigriemde oan krústochten en oarloggen. Syn broer Jan sûnder Lân ferlear yn 1204 it Hartochdom Normanje oan 'e Frânsen, mar ûndertekene yn 1215 ek de Magna Charta, in foarfal dat no beskôge wurdt as it begjin fan 'e Ingelske demokrasy.

Kening Jan sûnder Lân ûnder-tekenet yn 1215 te Runnymede de Magna Carta.

Underwilens wie it Prinsdom Wales altyd noch in ûnôfhinklik gebiet, hoewol't de Welske hearkers út en troch de oerhearskippij fan 'e kening fan Ingelân erkenden. Sûnt de Normandyske Ynvaazje hiene Normandyske eallju lykwols dielen fan súdlik Wales en de grinsgebieten ferovere, wêrnei't se bekend kamen te stean as de 'markhearen'. De oanhâldende konflikten dy't dêrút fuortkamen, laten yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw ta de ûnmeilydsume Ferovering fan Wales troch Edwert I fan Ingelân, dy't yn 1282 foltôge waard mei de dea fan 'e Welske prins Llywelyn ap Gruffudd.

Doe't Edwert I lykwols yn 1296 ek it Keninkryk Skotlân by syn ryk besocht te foegjen, rûn dat út op 'e slepende Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen. Yn 1305, doe't de Skotske frijheidsstrider William Wallace oppakt en yn Londen terjochtsteld waard, liek it der even op dat de Skotten belies jaan soene, mar yn 1306 briek der in nije rebûlje út ûnder it liederskip fan Robert fan Bruce, greve fan Carrick, dy't himsels datselde jiers noch kroane liet ta kening fan Skotlân ûnder de namme Robert I. Yn 1348 waard Ingelân noch slimmer troffen doe't in epidemy fan 'e pest, dy't bekend kaam te stean as de Swarte Dea, hast de helte fan 'e Ingelske befolking fataal waard.

It Kastiel fan Harlech, yn Wales boud yn opdracht fan Edwert I fan Ingelân.

Lette Midsiuwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edwert III, dy't yn 1327 op 'e Ingelske troan kaam, makke nei de dea sûnder manlike neikommelingen fan syn pake Filips IV fan Frankryk fia syn mem Isabella oanspraak op 'e troan fan it Keninkryk Frankryk. Syn neistribjen fan dy oanspraken late yn 1337 ta it útbrekken fan 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk, wêrfoar't fiif keningen fan Ingelân efterinoar in grut diel fan harren eigen enerzjy en tiid, en fan it jild en de mankrêft fan harren lân opbrûke soene ear't Ingelân úteinlik yn 1453 einlings en te'n lêsten de striid opjaan moast. Hoewol't de Ingelsen yn dy snuorje ferskate grutte oerwinnings boekten, koene se úteinlik net tsjin 'e nûmerike oermacht fan 'e Frânsen op. Akwitaanje gie yn dizze oarloch ferlern, en Ingelân behold op 'e kust fan it Jeropeeske fêstelân mar ien inkeld brêgehaad, besteande út 'e stêd Kalês.

It wie ûnder de Hûndertjierrige Oarloch dat der foar it earst in feriene Ingelske identiteit ûntstie dy't sawol de Anglo-Normandyske adel as it Angelsaksyske sljochtwei folk omfieme. Dat wie it gefolch fan 'e oanhâldende fijânskip mei de almar mear nasjonalistysker Frânsen, fan wa't de lieders de eigen ûntjouwing fan 'e Frânske identiteit brûkten om it lân te ferienjen yn 'e striid tsjin 'e Ingelsen. Sadwaande waarden de Anglo-Normandiërs, dy't har oarspronklik mear identifisearre hiene mei de Frânsen as mei harren eigen Angelsaksyske ûnderdienen, bûtensletten troch de Frânsen.

Kening Hindrik V yn 'e Slach by Agincourt (1415), ûnder de Hûndertjierrige Oarloch.

Ingelân wie noch net iens útpûst nei de ein fan 'e Hûndertjierrige Oarloch doe't yn 1455 in boargeroarloch útbriek tusken de Huzen York en Lancaster, dy't beide ôfstammen fan Edwert III. Dat konflikt kaam (folle letter) bekend te stean as de Roaze-oarloggen, om't it wapen fan it Hûs York in wite roas wie, en dat fan it Hûs Lancaster in reade roas. De beide dynastyen tsierden oanhâldend om it besit fan 'e Ingelske troan, wat oanlieding joech ta in rige bloedige konflikten dy't mei tuskenskoften oanholden oant 1487. Uteinlik kaam yn 1485 it Hûs Tudor op 'e troan yn 'e persoan fan Hindrik VII, in ôfstammeling fan in oerwûn lid fan it Hûs Lancaster, dy't troud wie mei Elizabeth fan York, in lid fan it Hûs York.

Kening Hindrik VIII, dy't yn Ingelân de Reformaasje trochfierde.

It tiidrek fan 'e Tudors

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast ynfloedrike kening út it Hûs Tudor wie Hindrik VIII, dy't yn 'e 1530-er jierren om persoanlike redens yn Ingelân de Reformaasje trochfierde. Hy woe nammentlik skiede fan syn frou Katarina fan Aragon, om't harren houlik sûnder bern bleaun wie, mar de paus woe him dêr gjin tastimming foar jaan. Dêrom ferfong Hindrik yn syn keninkryk de Roomsk-Katolike Tsjerke troch in eigen protestantske steatstsjerke, de Tsjerke fan Ingelân (of ek wol de Anglikaanske Tsjerke), wêrfan't er sels it haad wie. Fan gefolgen sleat Ingelân him doe polityk en kultureel oan by noardlik Jeropa, mei't ek yn 'e Skandinavyske lannen, de noardlike Dútske steaten, it Keninkryk Skotlân en in diel fan 'e Nederlannen it protestantisme oannommen waard, wylst súdlik Jeropa (bgl. Frankryk, Spanje en de Italjaanske foarstedommen) fêstholden oan it roomsk-katolisisme.

Hindrik VIII wie ek ferantwurdlik foar oare wichtige feroarings. Nei de ferovering troch Edwert I hie Wales syn eigen wetten en bestjoer beholden, mar ûnder Hindrik VIII waard mei de Wetten op de Welske Wetjouwing tusken 1535 en 1542 it Welske rjocht ôfskaft. Neitiid waard de Ingelske wetjouwing yn Wales fan krêft, en teffens waard Wales yn Ingelân ynkorporearre, sadat it neitiid fertsjintwurdige wie yn Parlemint fan Ingelân. Fierders rôp Hindrik himsels yn 1541 út ta kening fan kening fan Ierlân, wêrmei't dat keninkryk yn in personele uny mei Ingelân ferbûn waard.

Keninginne Elizabeth I fan Ingelân.

Nei Hindrik syn dea, yn 1547, waard er opfolge troch syn syklike soan Edwert VI, dy't yn 1553 ek stoar. Dêrnei kaam Hindrik syn dochter Marije de Bloedige op 'e troan, in roomse dy't fel op 'e Reformaasje tsjin wie, en besocht om dy werom te draaien, mei in bloedige godstsjinststriid ta gefolch. Under Marije har regear gie yn 1558 fierders Kalês ferlern oan Frankryk. Nei har dea, yn 1558, waard se opfolge troch har healsuster Elizabeth I, byneamd de Virgin Queen, om't hja nea troude. Under har bewâld, dat bekend kaam te stean as de Elizabetaanske Tiid, kaam de Ingelske kultuer ta grutte bloei, mei as wichtichste fertsjintwurdiger de wiidferneamde toanielskriuwer en dichter William Shakespeare. Elizabeth wie fan betinken dat Ingelân, as eilânnaasje, in sterke marine hawwe moast, en stiek dêr in protte jild yn. Tsjin 1588 wie de Ingelske marine sadwaande mânskernôch dat er mei help fan 'e Steatske float ôfweve koe mei de Spaanske Armada, dy't troch de roomske Filips II fan Spanje stjoerd wie om 'e protestantske Elizabeth fan 'e troan te stjitten.

It tiidrek fan 'e Stuarts

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kening Karel II, dy't yn 1660 op 'e troan kaam nei de Restauraasje fan it Hûs Stuart.

It Hûs Tudor stoar yn 1603 út mei de dea fan Elizabeth I. Der ûntstie lykwols gjin opfolgingskrisis, mei't hja foartiid har efterneef, de Skotske kening Jakobus VI, al oanwiisd hie as har erfgenamt. Sadwaande waard dy doe ek kening fan Ingelân ûnder de namme Jakobus I. Dêrmei kaam it Hûs Stuart op 'e Ingelske troan, en teffens ûntstie der sa in personele uny tusken Ingelân en Skotlân, hoewol't dy beide keninkriken fierders folslein apart faninoar bestjoerd waarden.

Jakobus syn soan Karel I oerskatte de macht fan 'e Ingelske monargy. Dat late ta de Ingelske Boargeroarloch, in ûnderdiel fan 'e yngewikkelde Oarloggen fan de Trije Keninkriken. De boargeroarloch einige mei de nederlaach fan 'e royalistyske partij en de berjochting en ûnthalzing fan Karel yn 1649. Neitiid waard de Ingelske Republyk útroppen, dy't ûnder it liederskip fan 'e 'beskermhear' Oliver Cromwell yn ferskate foarmen alve jier bestie. Doe't Cromwell nei syn dea yn 1658 opfolge waard troch syn swakke soan Richard, wiene de dagen fan 'e republyk teld, en yn 1660 waard it Keninkryk Ingelân op 'e nij ynfierd by de Restauraasje fan it Hûs Stuart ûnder kening Karel II. Yn 1666 waard de Ingelske haadstêd Londen hast mei de grûn lyk makke troch de Grutte Brân fan Londen, mar de stêd waard al rillegau wer op 'e nij opboud.

Karel II waard yn 1685 opfolge troch syn jongere broer Jakobus II, dy't roomske sympatyen hie, en inkeld dulde waard om't er sels opfolge wurde soe troch syn protestantsksinnige dochter Marije II. Doe't Jakobus lykwols op syn âlde dei noch in manlike kroanprins produsearre (Jakobus III), dy't sûnder mis roomsk grutbrocht wurde soe, kaam it folk yn opstân. Marije en har man, de Hollânske steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau, waarden útnûge om oer te kommen, en lânen mei in ynvaazjeleger op 'e Súdingelske kust. Dêrnei waard Jakobus II by de Glorieuze Revolúsje troch syn dochter en skoansoan oan 'e kant set en yn ballingskip jage. Neitiid regearren Willem en Marije tegearre oer Ingelân oant har dea 1694, wêrnei't hy allinnich kening waard. Doe't hy yn 1702 sûnder bern ferstoar, waard er opfolge troch Marije har suster Anne.

It blomme-embleem fan Grut-Brittanje, mei de Tudorroas fan Ingelân en de stikel fan Skotlân.

Anne wie de lêste monarch fan it Keninkryk Ingelân, mei't dat lân yn 1707 ophold te bestean doe't mei de oanname fan 'e beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny it feriene Keninkryk Grut-Brittanje skepen waard. Dat hie ien parlemint en ien regear, beide fêstige yn 'e Ingelske haadstêd Londen. Dy saneamde Uny fan 1707 kaam ta stân nei it jammerdearlik ferrûne besykjen om in Skotske koloanje te stiftsjen yn wat no Panama is, dêr't nei't sein wurdt frijwol alle grûnbesitters yn Skotlân jild yn stutsen hiene. It bankrot fan 'e Skotske elite, dat dêr it gefolch fan wie, die in protte om sokken derfan te oertsjûgjen dat de uny mei Ingelân in goed ding wie (foar de miening fan it gewoane folk hie doedestiden nimmen belangstelling), en Ingelske drigeminten dat der oarloch komme soe as de Skotten net omlyk woene, beklonken de kwestje. Nei't Anne yn 1714 sûnder bern ferstoar, kaam mei George I it Dútske Hûs fan Hannover op 'e Britske troan. Oant 1837 bestie der sadwaande in personele uny mei earst it Karfoarstedom Hannover en letter it Keninkryk Hannover.

Saltaire, yn West-Yorkshire, is in restaurearre fabryk út 'e tiid fan 'e Yndustriële Revolúsje.

Yndustriële Revolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tiidrek tusken 1700 en 1850 wie de tiid fan 'e Ingelske Ferljochting, doe't foaroansteande Ingelske wittenskippers en yngenieurs, lykas Isaac Newton en Isambard Kingdom Brunel, in ûnútwiskber stimpel drukten op 'e ûntjouwing fan 'e Westerske wrâld. Om utens makke dat de fêstiging fan it koloniale Britske Ryk mooglik, dat yn essinsje it 'Ingelske Ryk' wie, wylst it binnenlânsk oanlieding joech ta de Yndustriële Revolúsje. It earste Britske koloniale ryk draaide om 'e Amerikaanske koloanjes; nei't dy har ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) losskuord hiene, boude de Britske Eastyndyske Kompanjy om Britsk-Ynje hinne in twadde koloniaal ryk op.

Underwilens foarme yn Ingelân sels de Yndustriële Revolúsje in perioade fan grutte sosjaal-ekonomyske feroarings, dy't resultearre yn it ûntstean fan 'e yndustry en yn in fiergeande modernisearring fan 'e lânbou en de mynbou. Benammen it sintralisearjen fan yndustriële produksje yn fabriken soarge fierders foar in sterke urbanisaasje, wêrby't û.m. Manchester en Birmingham tige oan ynwenners oanwoeksen. Om 'e Yndustriële Revolúsje mooglik te meitsjen waarden der yn dy tiid ek nije wegen en kanalen oanlein en kamen de earste spoarwegen ta stân.

De Senotaaf, yn Londen is it tinkteken foar de sneuvele Britske soldaten út 'e Earste en de Twadde Wrâldoarloch.

It Keninkryk Grut-Brittanje bestie oant 1801, doe't troch de tafoeging fan it Keninkryk Ierlân it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân ûntstie. Under it bestjoer fan minister-presidint William Pitt de Jongere kaam Ingelân fierhinne ûnskeind troch de ûnlijige tiid fan 'e Frânske Revolúsje, wêrnei't it behelle rekke yn 'e Napoleontyske Oarloggen. Napoleon syn plan foar in ynvaazje fan Ingelân rûn op neat út doe't de Frânsen op see ferslein waarden troch admiraal Horatio Nelson en op lân troch generaal Arthur Wellesley, hartoch fan Wellington. De isolaasje fan 'e rest fan Jeropa ûnder de Frânske Tiid joech oanlieding ta it ûntstean fan in mienskiplike bân, de saneamde Britske identiteit, tusken de Ingelsen, Welsen, Kornwelsen, Skotten, Ulstersen en alteast in diel fan 'e Ieren.

Yn 'e njoggentjinde iuw begûn yn 1837, doe't keninginne Fiktoaria op 'e Britske troan kaam, de nei har ferneamde Fiktoriaanske Tiid. Dat wie in snuorje fan nea earder sjoene Britske hegemony, wêryn't it Britske Ryk û.m. yn Afrika, Súdeast-Aazje en Oseaanje útwreide waard oant it wierlik in ryk wie dêr't de sinne nea ûnder gie, sa't de siswize hawwe wol. Binnenlânsk bestie der yn dy tiid politike ûnrêst, dy't feroarsake waard troch radikalen lykas de suffrazjettes, dy't krewearren foar frouljuskiesrjocht. Teffens wie der sprake fan in djippe kleau tusken de riken en de earmen, dy't dúdlik sprekt út 'e ferneamde romans fan Charles Dickens.

Oan 'e ein fan it Fiktoriaanske Tiidrek rekke it politike lykwicht yn Jeropa, dat sûnt it Kongres fan Wenen, fan 1815, fierhinne beholden bleaun wie, alhiel út balâns. Yn 1914 late dat ta it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, wêryn't hûnderttûzenenen Ingelske soldaten de dea fûnen yn 'e striid tusken de it Feriene Keninkryk en de oare Alliëarden oan 'e iene kant en it Keizerryk Dútslân en syn Sintrale bûnsgenoaten oan 'e oare kant. Yn 1922 waard it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân fanwegen de ôfskieding fan 'e Ierske Frijsteat omneamd ta it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. In generaasje letter, nei it Ynterbellum, rekke it Feriene Keninkryk ûnder it regear fan minister-presidint Winston Churchill behelle yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjin nazy-Dútslân, wêrby't ûnder de Slach om Ingelân en lettere oanfallen mei de V1- en de V2-raketten slimme skea tabrocht waard oan in soad Ingelske stêden.

It Paleis fan Westminster yn Londen, de sit fan it Parlemint fan it Feriene Keninkryk.

Nei de oarloch waarden de wenpatroanen yn Ingelân yngeand feroare trochdat motorisearre ferkear foar eltsenien beskikber waard. In oare wichtige fernijing wie de ynfiering fan 'e National Health Service (NHS) yn 1948, dy't alle Britten út publike middels finansierde sûnenssoarch bea. Fan 'e 1950-er jierren ôf ûntjoech Ingelân him ta ymmigraasjelân, mei't grutte oantallen lju út 'e eardere Britske koloanjes har der nei wenjen setten, yn it bysûnder út Súd-Aazje (it eardere Britsk-Ynje) wei. Sûnt de 1970-er jierren ferskode de Ingelske ekonomy fan ien dy't fierhinne basearre wie op yndustry nei ien dy't mear stipe op 'e tsjinstesektor. Yn 1973 waard it Feriene Keninkryk lid fan 'e Jeropeeske Ekonomyske Mienskip, dy't neitiid omfoarme waard ta de Jeropeeske Uny. De tagong fan Ingelske bedriuwen ta de ynterne merk fan Jeropa soarge foar grutte ekonomyske groei. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw wûnen de trije oare lânsdielen fan it Feriene Keninkryk (te witten: Skotlân, Wales en Noard-Ierlân) allegearre in beskate mjitte fan selsbestjoer, mar it bewâld oer Ingelân bleau yn 'e hannen fan it nasjonale Britske regear. Yn 2016 foarsei in oerwinning fan it ja-kamp by it referindum oangeande Brexit grutte ekonomyske feroarings foar Ingelân.

Polityk en bestjoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk wurdt Ingelân regearre as in konstitúsjonele monargy mei in parlemintêr systeem. Ingelân sels hat sûnt de Uny fan 1707 gjin eigen regear mear hân. Foar dy tiid foarme Ingelân it Keninkryk Ingelân, dat regearre waard troch de kening fan Ingelân en it Parlemint fan Ingelân. Tsjintwurdich foarmet Ingelân juridysk in bestjoerlike ienheid mei Wales, dy't Ingelân en Wales hjit. Oars as de oare lânsdielen fan it Feriene Keninkryk wurdt Ingelân streekrjocht bestjoerd troch it Britske regear en it Parlemint fan it Feriene Keninkryk. Yn it Britske Legerhûs wurdt Ingelân fertsjintwurdige troch 532 folksfertsjintwurdigers (fan yn totaal 650).

De wikseling fan de wacht by Buckingham Palace, de residinsje fan 'e Britske monarch.

De grutste politike partijen yn Ingelân binne de Konservative Partij en de sosjaal-demokratyske Labourpartij, mei de Liberaal-Demokraten (of Lib-Dems) as mindere, trêde macht. Fanwegen it kiesdistriktestelsel dat yn Ingelân hearsket, kinne oare partijen mar in tige marzjinale rol yn 'e Ingelske polityk spylje, nettsjinsteande it feit dat se faak oates en toates yn it nijs binne. Sadwaande binne der anno 2017 mar fiif partijen yn it Britske parlemint fertsjintwurdige dy't de befolking fan Ingelân represintearje. Njonken de Konservativen, Labour en de Liberaal-Demokraten binne dat de Griene Partij fan Ingelân en Wales en de populistyske Unôfhinklikheidspartij fan it Feriene Keninkryk (UKIP), dy't beide ien inkele sit besette. Yn it Europarlemint, lykwols, (dat foar ferkiezings gebrûk makket fan in stelsel fan represintative fertsjintwurdiging) wurdt Ingelân anno 2017 fertsjintwurdige troch 22 UKIP-leden, 17 Konservativen, 17 Labour-leden, 3 Grienen en 1 Liberaal-Demokraat.

De seremoniële greefskippen fan Ingelân. (De sifers ferwize nei de ûndersteande list.)

It feit dat Skotlân, Wales en Noard-Ierlân sûnt de ein fan 'e 1990-er jierren allegear in foarm fan ynterne autonomy krigen hawwe, mar Ingelân net, kin de hollen yn Ingelân noch wolris hjit krije, om't de Ingelsen har foarbyparte fiele. Oarspronklik wie it de bedoeling dat de ferskillende regio's fan Ingelân in beskate mjitte fan selsbestjoer krije soene, mar nei't dat troch de befolking fan Noardeast-Ingelân by in referindum ôfwiisd waard, is dat net trochset. Fan gefolgen binne der no beskate ûngerjochtichheden yn it Britske politike systeem ûntstien, lykas de saneamde Kwestje fan West-Lothian. Dat draait derom dat Ingelske leden fan it Britske parlemint no gjin sizzenskip mear hawwe oer beskate ynterne oangelegenheden fan 'e oare lânsdielen, wêrfoar't de ferantwurdlikheid oerhevele is nei it Parlemint fan Skotlân, de Assimblee fan Wales of it Parlemint fan Noard-Ierlân, wylst de leden fan it Britske parlemint út 'e oare lânsdielen noch wol meibeslisse kinne oer deselde oangelegenheden yn Ingelân. Yn 'e regel binne de Skotske, Welske en Noardierske folksfertsjintwurdigers dan sa fatsoenlik om har fan stimming te ûnthâlden, mar der is neat dat harren dêrta twingt.

Ingelân hat in steatsstruktuer besteande út fjouwer bestjoerslagen, dy't in ferskaat oan oerheden omfiemet mei as doel om 'e befolking op pleatslik nivo te betsjinjen. De heechste bestjoerslaach ûnder it nasjonale regear wurdt foarme troch de regio's fan Ingelân, wêrfan't der njoggen binne. Dy waarden yn 1994 yn it libben roppen as oerheidskantoaren dy't in soad beliedspunten en oerheidsprogramma's regionaal ymplemintearje moasten. Bûten Londen besteane der op dit nivo lykwols gjin folksfertsjintwurdigjende lichems en yn 2011 waarden de regionale oerheidskantoaren ek opheft, mei as gefolch dat de ferdieling yn regio's net folle mear om 'e hakken hat. De njoggen regio's binne:

Under it regionale nivo is Ingelân ferdield yn 48 seremoniële greefskippen. Dy wurde yn it foarste plak brûk as geografysk referinsjeramt en hawwe har sûnt de Midsiuwen stadichoan ta har hjoeddeistige foarm ûntjûn, hoewol't guon pas yn 1974 ûntstien binne. Elts seremonieel greefskip hat in Lord Lieutenant en in High Sheriff, dêr't de Britske monarch troch fertsjintwurdige wurdt. De seremoniële greefskippen binne:

  1. Bedfordshire
  2. Berkshire
  3. Bristol
  4. Buckinghamshire
  5. Cambridgeshire
  6. Cheshire
  7. Cornwall (ynkl. de Scilly-eilannen)
  8. Derbyshire
  9. Devon
10. Dorset
11. Durham
12. East-Susseks


Bûten Grut-Londen en de Scilly-eilannen is Ingelân fierders ek ferdield yn 83 steds- en plattelânsgreefskippen. Dy komme oerien mei de gebieten dêr't lokale oerheden foech hawwe, en kinne út ien inkeld distrikt of út ferskate distrikten bestean. Der binne seis stedsgreefskippen yn 'e tichtstbefolke gebieten dy't gjin greefskipsried hawwe, mar dêr't ynstee de wichtichste oerheden foarme wurde troch de fertsjintwurdigjende rieën fan 'e distrikten, dy't by sokke stedsgreefskippen steds-boroughs hjitte. Grut-Londen hat in ôfwikend systeem fan lokale oerheden, dat bestiet út 'e 32 boroughs, mei dêropta de Londenske binnenstêd, dy't bestjoerd wurdt troch de City of London Corporation. Op it alderpleatslikste nivo is Ingelân ferdield yn saneamde boargerlike parochys (civil parishes), mei har eigen fertsjintwurdigjende rieën.

Cricket, de nasjonale sport fan Ingelân.

De ekonomy fan Ingelân is ien fan 'e grutsten fan 'e wrâld, mei trochsneed BNP per lid fan 'e befolking fan £22.907. It wurdt beskôge as in Angelsaksyske ekonomy dy't grûndearre is op 'e prinsipes fan 'e frije merk, mar dêrnjonken ek in heech ûntwikkele stelsel fan sosjale sekerheid omfiemet. Binnen it Feriene Keninkryk is de Ingelske ekonomy de grutste fan alle lânsdielen, en as Ingelân in ûnôfhinklik lân wêze soe, hie it de 18e ekonomy fan 'e wrâld west.

Pylders fan 'e Ingelske ekonomy binne benammen de gemyske en farmaseutyske yndustry, de loft- en romtefeartyndustry, de wapenyndustry en de softwareyndustry. De ierdoaljeyndustry, dy't ûnderstipe wurdt troch de ierdoaljefjilden yn 'e Noardsee, is de lêste tritich jier stadichoan minder wichtich wurden. Sûnt de 1970-er jierren is fierders benammen de tsjinstesektor sterk opkommen, mei as wichtichste ûnderdiel it bank- en fersekeringswêzen yn 'e Londenske binnenstêd. De lânbou is yn Ingelân tige yntinsyf en sterk meganisearre; dy sektor produsearret 60% fan it itensferlet mei mar 2% fan 'e beropsbefolking. Twatrêde part fan 'e agraryske produksje is wijd oan feehâlderij, en de rest oan ikkerbou en túnbou.

De steds- en plattelânsgreef-skippen fan Ingelân nei befolkings- tichtens.

De offisjele muntienheid yn Ingelân is it Britske pûn (oftewol it pûn sterling). De Bank fan Ingelân, dy't yn 1694 oprjochte waard troch de Skotske bankier William Paterson, is de sintrale bank fan it Feriene Keninkryk. De Ingelske haadstêd Londen is boppedat it ekonomyske sintrum fan it Feriene Keninkryk. Dêr is û.m. de London Stock Exchange fêstige, de nasjonale effektebeurs, dy't de grutste beurs fan Jeropa is.

Neffens in skatting út 2015 op basis fan 'e Britske folkstelling fan 2011 hie Ingelân doe 54.786.300 ynwenners, mei in befolkingstichtens dy't 420,5 minsken de km² bedroech. Dêrmei fertsjintwurdiget Ingelân 84% fan 'e befolking fan it hiele Feriene Keninkryk. De measte ynwenners fan Ingelân wenje yn in stikmannich stêdekloften ferspraat oer it lân, dêr't Grut-Londen, Grut-Manchester en Grut-Birmingham (of de West-Midlannen) de grutsten fan binne.

Ingelân telt persiis fyftich stêden, dy't har fan âlds ûntjûn hawwe út delsettings mei katedrale tsjerken. De measte Ingelske stêden binne tige grut, mar guon, lykas Ely, Truro en Chichester binne datoangeande sterk efterbleaun. De grutste stêd fan Ingelân is de haadstêd Londen, mei in befolking fan 8.174.000 minsken yn 2011. Oare grutte stêden binne: Birmingham (1.086.000), Liverpool (552.000), Bristol (536.000), Sheffield (518.000), Manchester (511.000), Leeds (475.000), Leicester (444.000), Bradford (350.000), Coventry (326.000), Nottingham (289.000), Hull (284.000), Stoke-on-Trent (271.000), Newcastle-upon-Tyne (268.000), Wolverhampton (265.000), Derby (255.000), Southampton (254.000), Portsmouth (238.000) en Plymouth (235.000).[1]

De skyline fan 'e Londenske binnenstêd.

Yn 2011 bestie 75,1% fan 'e befolking fan Ingelân út etnyske Ingelsen. Genetysk ûndersyk hat útwiisd dat 75 oant 95% fan 'e Ingelsen yn 'e manlike line ôfstamje fan 'e prehistoaryske kolonisten dy't nei de lêste iistiid út it Ibearysk Skiereilân oerstieken nei de Britske Eilannen, en dat se foar rûchwei 5% ôfstamje fan 'e Angelen en Saksen. Oare genetisy bestride dizze útkomst lykwols, en pleatse de ôfstamming fan 'e Angelen en Saksen op sa'n 50%. Dêropta bestiet der mank de Ingelsen in oansjenlike ôfstamming fan Deenske en Noarske Wytsingen, dy't wat langer wat heger wurdt neigeraden men noardliker yn Ingelân komt. Oare groepen dy't yn beheindere mjitte bydroegen hawwe oan 'e genetyske gearstalling fan 'e Ingelsen as folk, binne û.m. de Kelten, de Romeinen, de Jutten, de Friezen en de Normandiërs.

Der is yn Ingelân ien territoriale lânseigen etnyske minderheid, de Kornwelsen, dy't yn 2014 nei jierren fan strideraasje troch it Britske regear as sadanich erkend waard ûnder it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden fan 'e Ried fan Jeropa. Yn 2011 telde de Kornyske minderheid yn Cornwall 363.000 leden, en om utens nochris sa'n 117.000, dy't foar it meastepart yn 'e rest fan Ingelân wennen. Dêrmei makken se sa'n 0,8% fan 'e befolking fan Ingelân út. Oare lânseigen minderheden binne de Joaden (250.000) en de Roma (150.000), dy't yn it Feriene Keninkryk beide sûnt 1998, yn neifolging fan it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden, ûnder de Wet op de Minskerjochten as minderheden erkend wurde.

In skiifdiagram fan 'e Ingelske befolking nei etnisiteit (2011).

Oare (net lânseigen) Britske befolkingsgroepen yn Ingelân binne de Skotten (1,5%) en de Welsen (1,1%). Fierders hat der in oansjenlike ymmigraasje út Ierlân en Noard-Ierlân wei west, mei as gefolch dat etnyske Ieren no 1,4% fan 'e Ingelske befolking útmeitsje. In oare groep dy't oerkommen is út Ierlân wurdt foarme troch de nomadyske Ierske Reizgers (25.000). Oare grutte ymmigrantemienskippen út Jeropa binne Poalen (1,1%), Dútsers (0,5%), Italjanen (0,4%) en Griken (0,3%).

Ut 'e rest fan 'e wrâld hawwe har benammen minsken út eardere Britske koloanjes yn Ingelân nei wenjen set, wêrûnder benammen lju út Súd-Aazje: Ynjers (3,2%), Pakistanen (1,6%) en Bingalezen (0,7%). Swarte Afrikanen meitsje sa'n 2,1% fan 'e Ingelske befolking út, mei as grutste groepen Kenianen, Simbabwanen, Nigerianen, swarte Súdafrikanen, Somaliërs en Ganezen. Karibiërs foarmje 1,6% fan 'e befolking, mei as fierwei de grutste groep de Jamaikanen. Oare allochtoane befolkingsgroepen fan oansjenlik grutte binne Turken (0,7%), Arabieren (0,6%), Sinezen (0,5%) en Amerikanen (0,4%).

De offisjele taal fan it Ingelân is it Ingelsk. Dat is ek de offisjele taal fan it hiele Feriene Keninkryk, dêr't it de oare lânseigen talen, lykas it Welsk, it Skotsk, it Skotsk-Gaelysk en it Iersk yn 'e rol fan minderheidstalen drukt hat. Yn Ingelân is it Ingelsk de memmetaal fan likernôch 84% fan 'e befolking en de deistige omgongstaal (bûten it húslik fermidden) fan 98% fan 'e befolking. It Ingelsk is in Yndo-Jeropeeske taal dy't ta de Germaanske taalgroep heart en wêrfan't de âldste foarm, it Aldingelsk nau besibbe wie oan it Aldfrysk. Yn 'e Midsiuwen hat it lykwols in sterke ynfloed ûndergien fan earst it Aldnoarsk en letter it nau oan it Frânsk besibbe Normandysk, sadat de wurdskat fan it moderne Ingelsk yn frij hege mjitte ôfwykt fan 'e oare Westgermaanske talen, lykas it Nederlânsk, it Dútsk en it (moderne) Westerlauwersk Frysk.

It Ingelske taalgebiet (read) yn Jeropa.

Hoewol't nei de Normandyske Ynvaazje fan 1066 de Ingelske hegerein iuwenlang Anglo-Normandysk spriek en it Ingelsk sels inkeld brûkt waard troch it gewoane folk, wie it Midingelsk tsjin 'e fyftjinde iuw de taal fan alle maatskiplike klassen wurden. Fan 'e santjinde iuw ôf waard it Ingelsk troch it Britske kolonialisme nei hast alle úthoeken fan 'e wrâld ferspraat, mei as gefolch dat der no mear minsken bûten as yn Ingelân binne dy't it Ingelsk as memmetaal hawwe. De Ingelsktalige lannen fan it Feriene Keninkryk, Ierlân, de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en Súd-Afrika wurde dêrom ek wol oantsjut as de Angelsaksyske wrâld. Hjoed de dei is it Ingelsk in wrâldwide lingua franca wurden, ek foar minsken dy't it net as memmetaal sprekke.

Binnen Ingelân sels besteane der fjouwer grutte Ingelske dialektgroepen: it Westlânsk yn it súdwesten; it Súdingelsk yn it suden en súdeasten; Midlânsk-Ingelsk yn 'e midden, faak noch fierder opspjalte yn Eastmidlânsk en Westmidlânsk; en Noardingelsk yn it noarden. Fan dy dialektgroepen wykt it Noardingelsk it measte ôf, dat folle mear Aldnoarske eleminten opnommen hat as de oare dialektgroepn. It Noardingelsk falt ek it dúdlikst fan alle fjouwer dialektgroepen útinoar yn ôfsûnderlike dialekten, te witten: it Yorkshire fan Yorkshire, it Lancashire fan Lancashire; en it Noardumbrysk fan Noardumberlân, dat by de Skotske grins in taalkontinuum foarmet mei it Súdskotsk, it súdlikste dialekt fan 'e Skotske taal.

Geoffrey Chaucer, de skriuwer fan The Canterbury Tales.

Fierders omfiemet it Ingelsk yn Ingelân ek ferskate bekende stedsdialekten: it Geordie fan Newcastle-upon-Tyne, it Scouse fan Liverpool, it Mankunysk fan Manchester en it Cockney fan Londen. Dat lêste dialekt hat him sûnt de 1980-er jierren útwreide oer hiel súdeastlik Ingelân, mei as gefolch it ûntstean fan it saneamd Mûningsingelsk (Estuary English), wêrfan't de namme ferwiist nei de mûning fan 'e rivier de Teems. De standertfariant fan it Britsk-Ingelsk wurdt Received Pronunciation neamd (letterlik: "Untfongen Utspraak"), dat eins in sosjolekt is fan 'e maatskiplike en learde elite út súdeastlik Ingelân. Dy foarm fan it Ingelsk stiet ek wol bekend as BBC-Ingelsk, Oxford-Ingelsk (nei it gesachhawwende wurdboek Oxford Dictionary of the English Language) of the Queen's English ("it Keninginne-Ingelsk): it Ingelsk sa't de keninginne it sprekt.

Ingelske literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer yn it Ingelsk begûn yn 'e Aldingelske perioade (550-1066) mei it epos Beowulf en de skiedskriuwing fan 'e Angelsaksyske Kronyk. Yn it Midingelske tiidrek (1066-1500) waard dy ûntwikkeling fuortset mei û.m. The Canterbury Tales fan Geoffrey Chaucer en de The Owl and the Nightingale fan Nikolaas fan Guildford. Under de Elizabetaanske Tiid makke de Ingelske literatuer in grutte bloei troch, mei as foarnaamste fertsjintwurdiger de ferneamde dichter en toanielskriuwer William Shakespeare, waans oeuvre sokke ikoanyske wurken omfiemet as Hamlet, Romeo en Julia, Macbeth, Othello, A Midsummer Night's Dream en Much Ado About Nothing. Oare skriuwers út dy tiid wiene Christopher Marlowe, Edmund Spenser, Philip Sydney, Thomas Kyd en Ben Jonson.

De ferneamde Ingelske dichter en toanielskriuwer William Shakespeare.

Lettere auteurs út it Nijingelske tiidrek (fan 1500 ôf) wiene John Milton, mei syn Paradise Lost, en fierders neifolgers fan 'e Romantyk as Samuel Taylor Coleridge, John Keats, Percy Bysshe Shelley, Mary Shelley, Jane Austen, William Wordsworth en Lord Byron. Yn 'e Fiktoriaanske Tiid makke Charles Dickens, Thomas Hardy, Rudyard Kipling, Lewis Carroll en de susters Brontë namme. Yn 'e tweintichste iuw hat Ingelân sokke skriuwers fuortbrocht as George Orwell, Virginia Woolf, C.S. Lewis, Aldous Huxley, Rupert Brooke, Agatha Christie, J.R.R. Tolkien en J.K. Rowling.

Njonken it Ingelsk hie Ingelân oarspronklik noch trije oare territoriale lânseigen talen, te witten it Kornysk, it Kumbrysk en it Welsk. It Kumbrysk, dat fan âlds yn Kumbria sprutsen waard, stoar al yn 'e tolfde iuw út. It Kornysk, dat lânseigen is yn it súdwestlike Cornwall, stoar tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw út, mar waard yn 'e tweintichste iuw nij libben ynblaasd. It wurdt no wer sprutsen troch 0,1% fan 'e befolking fan Cornwall, en genietet wetlike beskerming ûnder it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. Doe't ûnder it regear fan kening Hindrik VIII tusken 1535 en 1542 de hjoeddeistige grins tusken Ingelân en Wales fêstlein waard, kamen in protte Welsktalige mienskippen oan 'e Ingelske kant fan 'e grins te lizzen. Archenfield, in plak yn Herefordshire, wie oant yn 'e njoggentjinde iuw in Welstalige enklave yn Ingelân, en yn dielen fan westlik Shropshire hold it Welsk oan de midden fan 'e tweintichste iuw ta stân.

Westminster Abbey, yn Londen.

Oare lânseigen talen yn Ingelân binne it Jiddysk fan 'e Asjkenazyske Joaden, dat troch sa'n 31.000 minsken sprutsen wurdt, en it Anglo-Romany fan 'e Romanitsjal (in Roma-groep), dat troch sa'n 140.000 minsken sprutsen wurdt. Noch it Welsk, noch it Jiddysk en Anglo-Romany genietsje yn Ingelân erkenning of beskerming. Fierders wurdt it útlânske Reizger-Iersk (ek wol Sjelta of Sjeldrû neamd), troch sa'n 25.000 minsken sprutsen. Troch de grutskalige ymmigraasje dy't Ingelân sûnt de 1960-er jierren ûndergien hat, binne der fierders in protte talen út oare dielen fan 'e wrâld yn Ingelân bedarre. Dêrfan hiene it Pûndjaabsk en it Oerdû foarhinne de measte sprekkers, mar by de folkstelling fan 2011 die bliken dat doe it Poalsk oanwoeksen wie ta de twadde taal fan Ingelân.

Neffens gegevens fan 'e Britske folkstelling fan 2011 bestie doe 59,4% fan 'e Ingelske befolking út kristenen. Sûnt de Ingelske Reformaasje fan 1530-er jierren is de Tsjerke fan Ingelân, ek wol bekend as de Anglikaanske Tsjerke, de steatstsjerke fan it lân. Dat is in tsjerkgenoatskip dat op it mêd fan liturgy en dogmatyk sterk op 'e Roomsk-Katolike Tsjerke liket, mar net it gesach fan 'e paus fan Rome erkent en by de tiid lâns ferskate oare modernisearrings trochfierd hat dêr't de Roomsk-Katolike Tsjerke net oan wol, lykas de ôfskaffing fan it selibaat foar preesters en de talitting fan froulju ta it preesteramt. De Tsjerke fan Ingelân sjocht himsels dêrom formeel as katolyk èn protestantsk, mar ornaris wurdt it troch bûtensteanders dochs foar in protestantsk tsjerkgenoatskip oanmurken. It seremoniële haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân is de Britske monarch, mar it deistich bestjoer is yn 'e hannen fan 'e aartsbiskop fan Canterbury.

In skiifdiagram fan 'e Ingelske befolking nei religy (2011).

De Tsjerke fan Ingelân hat (yn Ingelân) likernôch 26 miljoen doopleden, of 47,5% fan 'e Ingelske befolking, mar de oergrutte mearderheid dêrfan bestiet út lju dy't nea of mar komselden yn tsjerke komme. It op ien nei grutste tsjerkgenoatskip fan Ingelân is de Roomsk-Katolike Tsjerke, mei sa'n 4,3 miljoen leden, oftewol 7,8% fan 'e befolking. Likernôch 1,8 miljoen ynwenners fan Ingelân (3,4%) hingje in oare protestantske denominaasje as de Tsjerke fan Ingelân oan. Dêrby giet it bgl. om metodisten, baptisten, kongregasjonalisten, unitariërs, mormoanen, Jehova's tsjûgen, quakers en leden fan it Leger des Heils. Fierders binne der noch sa'n 400.000 eastersk-otterdoksen (0,7%).

De earste Joaden setten har nei alle gedachten al yn Romeinske Tiid yn Ingelân nei wenjen, mar yn 1290 waarden alle Joaden troch kening Edwert I it lân útbonsjoerd by it saneamde Edikt fan Utdriuwing. Pas doe't Oliver Cromwell de Ingelske Republyk regearre, waard it harren yn 1656 tastien om werom te kommen. De hjoeddeiske Joadske minderheid yn it Feriene Keninkryk datearret dan ek fan nei dy tiid, en bestiet foar it meastepart út ôfstammelingen fan Eastjeropeeske Joaden dy't har yn 'e njoggentjinde en oan it begjin fan 'e tweintichste iuw foar it meastepart yn Londen fêstigen. Hjoed de dei binne der sa'n 250.000 oanhingers fan it joadendom yn Ingelân, oftewol 0,5% fan 'e befolking.

De Katedraal fan Canterbury, de sit fan 'e aartsbiskop fan Canterbury.

Ateïsten en agnosten makken yn 2011 mei 24,7% krekt gjin fjirdepart fan 'e befolking út. Fierders wiene der 2.740.000 moslims (5,0%), 860.000 hindoes (1,6%), 500.000 sikhs (0,9%), 170.000 boedisten (0,3%) en 6.000 bahaïsten, dy't foar de oergrutte mearderheid konsintrearre wiene yn 'e gruttere stêden. Ta einbeslút moatte de oanhingers fan it moderne heidendom noch neamd wurde, wêrfan't der neffens de folkstelling fan 2011 rom 75.000 yn Ingelân wiene, mei dêrûnder 11.000 oanhingers fan 'e wikka. Oare grutte streamings binnen dy groep wiene it neo-druïdisme en it moderne Germaanske heidendom. Om't it heidendom noch altyd in beskaat stigma meidraacht, geane objektive waarnimmers der trouwens fan út dat it wiere oantal heidens yn Ingelân oanmerklik heger leit.

De flagge fan Ingelân.

Nasjonale symboalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ingelske flagge is it saneamde Krús fan Sint Joaris, in wyt fjild mei dêroerhinne in read krús. Oarspronklik wie dat de flagge fan 'e Republyk Genua, mar fan 1190 ôf kocht de kening fan Ingelân mei de betelling fan in jierlikse skatting fan 'e doge fan Genua it rjocht om deselde flagge te fieren, sadat Ingelske skippen yn 'e Middellânske See ûnder beskerming fan Genua farre koene. Om't Sint Joaris (Ingelsk: Saint George) de beskermhillige fan Ingelân wie, ûntstie der meitiid in bân tusken de flagge mei it reade krús en dy hillige. Fan 1603 ôf hat it Krús fan Sint Joaris mei it Skotske Krús fan Sint Andréas de Britske flagge foarme, de saneamde Union Jack. Yn 1801 waard dêr noch it Ierske Krús fan Sint Patrick oan tafoege.

It wapen fan Ingelân.

It Ingelske wapen bestiet út in read fjild mei dêrop ûnderinoar trije geande wache liuwen fan goud. ('Geand' wol sizze dat se op alle fjouwer poaten rinne, en 'wach' betsjut dat se it gesicht nei de taskôger ta draaid hawwe.) Dit wapen waard yn 1198 oannommen troch kening Richard Liuwehert, mar giet tebek op it wapen fan it Hartochdom Normanje, dat in read fjild mei twa fan sokke liuwen hat. It biedwurd fan Ingelân is it Frânske Dieu et mon droit, dat troch kening Hindrik V (1386-1422) formeel oannommen waard. In oar wichtich nasjonaal symboal fan Ingelân is de Tudorroas, de offisjele blom fan Ingelân, dy't tebekgiet oant de Roaze-oarloggen, doe't it ynfierd waard as in fredessymboal, mei't hjiryn de wite roas fan it Hûs York en de reade roas fan it Hûs Lancaster kombinearre waarden.

De Tudorroas.

Ingelân hat gjin offisjeel folksliet, mar njonken God Save the King, it folksliet fan it hiele Feriene Keninkryk, wurdt yn Ingelân gauris Land of Hope and Glory as it Ingelske folksliet behannele (bgl. op 'e Mienebêstspullen fan 2002). Oare kandidaten foar it Ingelske folksliet binne de hymne Jerusalem en I Vow to Thee, My Country. De Ingelske nasjonale feestdei is St. George's Day (nei Sint Joaris, de beskermhillige fan Ingelân), dat op 23 april falt. In oar Ingelsk symboal is de ikebeam, fanwegen it ferhaal dat Karel II, doe't er nei de eksekúsje fan syn heit Karel I it lân ûntflechtsje moast, in holle ikebeam as sideplak brûkte. De stereotype Ingelsman wurdt faak ôfbylde yn in swart pak mei in bolhoed en in paraplu. De nasjonale sport fan Ingelân is cricket. Ek tee wurdt faak as wat typysk Ingelsk sjoen.

It Natoerhistoarysk Museum yn Londen.

It kultuergoed fan Ingelân is op 'e noed fan English Heritage, in oerheidsorgaan dat yn it libben roppen is om histoaryske monuminten en foarwerpen te behâlden. Under dy monuminten binne 17 fan 'e 25 saken yn it Feriene Keninkryk dy't op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO steane, lykas de Muorre fan Hadrianus, Stonehenge en de Toer fan Londen. It bekendste museum fan Ingelân is it Britsk Museum yn Londen, dat in kolleksje hat fan 7 miljoen foarwerpen fan oer de hiele wrâld, dy't it ferhaal fan 'e minsklike ûntwikkeling fan it ierste oanbegjin oant de tsjintwurdige tiid fertelle. De Britske Bibleteek, ek yn Londen, is de nasjonale bibleteek fan it Feriene Keninkryk, mei mear as 150 miljoen boeken, dokuminten en oare tekstdragers. It bekendste keunstmuseum is de Nasjonale Gallery, ek al yn Londen, dy't in kolleksje fan goed 2.300 skilderijen yn besit hat fan 'e midden fan 'e trettjinde iuw oant 1900. Ingelân omfiemet fierders ek twa fan 'e meast toanoanjaande ynstituten foar heger ûnderwiis yn 'e wrâld, nammentlik de Universiteit fan Oxford en de Universiteit fan Cambridge.

De Ingelske folkloare wurdt befolke troch mytyske wêzens lykas elven, feeën, heksen, reuzen, trollen, kobolden, kabouters en dwergen. Guon leginden en ferhalen, lykas dy fan Wiland de Smid en Offa fan de Angelen, binne nei alle gedachten al oerâld, mar oaren ûntjoegen har troch de iuwen hinne. Benammen de Midsiuwen wiene datoangeande in tige fruchtbere perioade. Guon fan 'e bekendste folksferhalen út dy snuorje binne de Arthurleginden oer Kening Arthur en syn Ridders fan 'e Rûne Tafel, de tsjoender Merlyn, Lânselot en Guinevere, de Frouwe fan 'e Mar, it swurd Excalibur, de dagge Carnwennen en it kastiel Camelot.

Herne de Jager.

Fierders binne der de ferhalen oer Robin Hood en syn binde Mûntere Mannen fan it Wâld fan Sherwood en harren konflikten mei de boasaardige sheriff fan Nottingham. Noch wer oare Midsiuwske leginden binne dy fan Herne de Jager, de hoarnde ruter fan it wâld fan Windsor, en Frouwe Godiva, dy't inkeld klaaid yn har lange hier troch de strjitten fan Coventry riden hawwe soe. Fan resinter datum is de fiering fan 'e Nacht fan Guy Fawkes, op 5 novimber, as der yn Ingelân fjoerwurk ôfstutsen en sûkere apels iten wurde om it mislearjen fan it saneamde Buskrûdkomplot fan Guy Fawkes te betinken, dy't yn 1605 it Parlemint fan Ingelân opblaze woe. Ek de ferhalen oer de hoaske strûkrôver Dick Turpin en de karakteristike seerôver Swartburd binne basearre op histoaryske persoanen.

Hoewol't de Ingelske koken om utens gjin heechsteande reputaasje hat, is dat noch mar sa sûnt de Yndustriële Revolúsje, mei't Ingelsk iten yn 'e Renêssânse as it kulinêre hichtepunt fan 'e Jeropeeske kultuer beskôge waard. Tradisjonele Ingelske gerjochten begjinne en einigje mei it saneamde Ingelske brea-iten, mei bakt spek, woarstkes, bakte aaien, grilde tomaten, bloedpudding, bakte beantsjes, bakte poddestuollen en roastere bôle. Oare Ingelske gerjochten binne Yorkshire pudding, fish and chips en pasteien lykas steak and kidney pie, pork pie en cottage pie. Op it mêd fan drinken moat yn it foarste plak tee neamd wurde, en fierders alkohoalyske dranken lykas bier, bitter en sider.

Fish and chips, ien fan 'e populêrste Ingelske snacks.

Ingelân hat in tuskenbeiden seeklimaat, mei koele oant waarme simmers, wannear't de temperatuer net faak en folle boppe de 32 °C útkomt, en relatyf mylde winters, wêrby't it kwik mar komselden oant ûnder it friespunt sakket. It waar is it hiele jier yn 't rûn fochtich en wikselfallich en wurdt sterk beynfloede troch de neite fan 'e Atlantyske Oseaan en de ferwaarming dêrfan troch de Golfstream, dy't ôfkomstich is út it Karibysk Gebiet. De meast skrouske moannen fan 't jier binne jannewaris en febrewaris, as it fral oan 'e kust gemien kâld wêze kin. July is ornaris de waarmste moanne. Fan maaie oant oktober kin men yn Ingelân myld oant waarm waar ferwachtsje. Rekôrtemperatueren yn Ingelân wiene 38,5 °C op 10 augustus 2003 yn Brogdale, yn Kent, en –26,1 °C op 10 jannewaris 1982 yn Edgmond, yn Shropshire. Delslachhoemannichten binne frij gelyk oer it jier en oer it hiele lân ferdield, hoewol't it westen, en yn 't bysûnder de Marrekrite fan Kumbria, mear rein kriget as de rest fan Ingelân.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynwennertallen fan alle Britske stêden út 'e folkstelling fan 2011

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.