Springe nei ynhâld

De Groot (Alkmar)

Ut Wikipedy
Mûne fan Piet
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
plak Alkmar
adres Clarissenbuurt 4
koördinaten 52° 37'N 4° 44'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 25,85/25,75 m
boujier 1769
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7460
Webside
FB-side
Kaart
De Groot (Alkmar-Sintrum)
De Groot

De Groot of de Mûne fan Piet is in rûne stiennen stellingmûne yn 'e Noard-Hollânske stêd Alkmar.

De hjoeddeiske stiennen stellingmûne waard yn 1769 op it Klarissenbolwurk by de eardere Kennemerpoarte boud. Foar dy tiid stie op it plak in standermûne út it earste fearn fan 'e 17e iuw. By de bou fan 'e nôtmûne waarden mooglik ûnderdielen fan 'e foargonger op 'e nij brûkt. Sa is ien fan 'e draachbalken in houten roede.

Yn 1884 kocht Cornelis Piet de mûne, dy't ûnder in wente ynrjochtsje liet. De namme fan dy famyljenamme bleau yn 'e folksmûle ferbûn oan 'e mûne; de âlde namme De Groot wurdt hjoed-de-dei noch skraachwurk brûkt.

Sûnt 1955 is de mûne mei fokwjukken útrist. Der lizze 3 koppel mealstiennen yn 'e mûne. De stander fan 'e mûnen is in âlde skipsmêst en nei alle gedachten noch âlder as de mûne sels.

Yn 2022 moast de mûne stilset wurde fanwegen it omlizzende beamtegrien, dy't in ûnrêstich draaigedrach feroarsake. Yn augustus 2024 waarden de beammen foar in part kapt en ynkoarte, sadat de mûne tsjintwurdich wer feilich draaie kin.[1]

Eigner fan 'e mûne is de gemeente. In lid fan 'e famylje Piet wennet noch jimmeroan yn 'e mûne en meallet ek noch altiten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: