Springe nei ynhâld

Ierske See

Ut Wikipedy
Ierske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken de eilannen Ierlân
   en Grut-Brittanje
lân Feriene Keninkryk
Ierlân
Man
koördinaten 53°28′ N, 5°8′ W
ûnderdiel fan Atlantyske Oseaan
sifers
maks. lingte 285 km
maks. breedte 200 km
oerflak 46.007 km²
djiptegemiddelde 178 m
djipste punt 315 m
wetterfolume 2.800 km³
De Ierske See mei syn djipten en havens.
De Ierske See mei syn djipten en havens.

De Ierske See (Ingelsk: Irish Sea, Iersk: Muir Éireann) is in see tusken Ierlân en Grut-Brittanje. De see is ferbûn mei de Atlantyske Oseaan troch it Sint-Georgekanaal tusken Ierlân en Wales yn it suden en fia it Noarderkanaal tusken Noard-Ierlân en Skotlân yn it noarden. It eilân Man leit middenyn de Ierske See.

De see is fan ekonomysk belang foar regionale hannel, skipfeart en transport, fiskjen en enerzjyopwekking in de foarm fan wynmûnes en kearnsintrales.

Fearboatferbiningen tusken Grut-Brittanje en Ierlân oer de Ierske See binne:

Der is ek in ferbining tusken Liverpool en Belfast fia Man. Elts jier wurde sa'n 12 miljoen passazjiers oerset.

De Ierske See hat tige fersmoarge west troch radioaktive stoffen út de kearnsintrale by Windscale (it Sellafield fan no) dêr't de earste Britske kearnwapens makke waarden. Yn de earste tweintich jier is sa'n 250 kg plutonium yn de Ierske See telâne kaam.

De Ierske See, alteast it middenpart, hat yn de lêste iistiid faaks in swietwettermar west. Doe't it iis him sa'n 10.000 jier lyn tebekluts, waard it mar op 'en nij ferbûn mei de see.